Einejiersgeskink 2025

Einejiersgeskink 2025

Einejiersgeskink 2025

Myn direksje fûn dat ik dochs wol in krystpresintsje fertsjinne hie. Ik ha net folle skreaun mar wol wer in begjin makke. Ik ha lêzen en sjoen oer saken dy’t der mei te krijen ha en in protte neitocht. Ik ha fragen steld en oerlein en út en troch proefstikjes skreaun.

Sadwaande kaam der in blau pak oer de post en in swier pak! It swiere pak wie de “Inkt” trilogy fan Cornelia Funke. No kin ik efkes foarút! Myn direkteur hie it by in boeke-antykwariaat kocht, dat skeelt wer beammen.

It blauwe pak kaam regelrjocht fan de makster fan it boek “Wetter”, in nagelnij boek fan Linda de Haan. Dat ha ik yn ien kear lêzen en besjoen. In fantastysk boek: it sjocht der prachtich en fleurich út mar it hat ek in echt wetter-ferhaal. Mei proefkes en spultsjes, der is in protte te dwaan mei wetter.

Linda hat in pear fan myn boeken yllústrearre en krekt as dit sjogge se der altyd fleurich út. Ik bin wiis mei de boeken en tankewol direkteur!