2025: libbenslessen

2025: libbenslessen

2025: libbenslessen

Dit jier wie net ien om nei hûs te skriuwen. Dat hoecht ek net, ik bin al thús. Ik tink dat dat it posityfste wie, dat ik my op myn plak fiel yn myn apartemintsje yn Nijlânstate. Wat my net tafoel wie dat de lea noch hieltyd minder waard. Ik wenje tusken de minsken mar krij der hast gjin kontakt mei omdat elk kontakt prikkels ynhâldt. Dêr kin de miks ADHD en Long Covid neat mei. De bewenners hjir binne meast djip yn de 80 en âlder, rom 10 jier âlder as ik, mar ik kin in protte fan harren leare; sa binne de measten hiel wat mobiler as ik! Fan tefoaren hie ik der it meast tsjinoan sjoen om foaral âlde minsken om my hinne te hawwen. Wat dogge se de hiele dei? Hoe kom je de tiid troch as der gjin wurk mear is? Dêr bin ik yntusken achter kaam. It is krekt in lytse mienskip mei alle oerienkomsten en ferskillen as yn it grut. De iene hâldt fan sport, om te sjen, om sels te fytsen of te kuierjen, oaren fan kultuer, nei musea en nei de Harmonie, wer oaren sitte te breidzjen, te haken of ha oare hobbys en in protte minsken sitte yn in ferskaat oan kommisjes. It is úteinlik in Koöperaasje dêr’t saken foar regele wurden moatte. Dy organisaasjefoarm spruts my tige oan mar no’t it safier is ha ik noch gjin gearkomste meimakke en sels de gesellige buffetten ha ik oerslaan moatten! Ien kear, yn maaie, ha ik meigenietsje kind mei de smaken fan it buffet, doe’t der asperzjes wiene en myn Nijlânfreondintsje my in boardfol lekkers brocht. Wat in ferrassing!

Ik learde om my stadiger te bewegen, al falt dat net ta, en better te harkjen nei de âld lea. Ik learde om foarút te sjen ynstee fan achterom, doe’t ik safolle dingen noch wol koe, benammen op it mêd fan skriuwen en lêzen. Doe’t ik kursussen jûch en soms lêzingen, doe’t ik noch, wat fierder lyn, wurke as skoalskriuwer; dat wiene de moaiste lessen! Doe’t ik in inkele kear frege waard om te fertellen oer in boek. No wurd ik net mear frege, de kâns is ek grut dat ik op it lêste stuit dochs ôfsizze moat om’t ik siik bin of slimme pineholle ha.

Yn ‘e simmer hie ik wer in boek-idee dat him net fuortstjoere liet en dêr begûn ik hiel foarsichtich wat mei te boartsjen. Ik krige kontakten oer dat ûnderwerp en sjoch der echt nei út om it te skriuwen. Ik hie tocht dat ik yn desimber in moai begjin op priemmen sette koe mar om’t ik siik wie, waard dat him net. Miskien kin ik de twadde helt fan jannewaris dermei los. As’t yn kertierkes in boek skriuwst falt it net ta om de ferhaalline beet te hâlden. Om dat te kinnen hoopje ik yn 2026 op de inerlike rêst dy’t nedich is om dochs dit boek skriuwe te kinnen. Om wer ergens nei ta te libjen ynstee fan achterom te sjen.

Mar foar ien pinepunt, in grut gemis, ha ik noch gjin oplossing fûn. De pinespesjalist sei dat it bêste wapen tsjin pine is: ôflieding. Dêrfan wurd ik dan wer wurch en reitsje ik fierder fan hûs. Hoe die ik dat earder, frege ik my ôf, en ik wist it wer, dan wie der Foekje! Fan ‘e wike, doe’t ik op bêd lei te fergean fan de pine koe ik it wol út jammerje, jou my in poes! As’t hjir wennest en do giest der geregeld op út dan hast ôflieding mar as’t dagenlang net fan it plak komst en ek net oer minsken kinst is it in oar ferhaal. Ik hoopje o sa dat it stânpunt fan de koöperaasje feroaret want as’t it sjen wolst is foar elk probleem in oplossing te finen. Dat liket my in goed begjin foar it nije jier.

Folle lok en seine yn 2026!