Skriuwlab

Skriuwlab, it begjin

  • Wat ik fan ús heit net wist

    12 april 2015

    20150412_171506

    Hjoed is it 70 jier lyn dat der in begjin makke waard mei de befrijing fan Fryslân. It begûn yn Mildam; oars hie ik it net witten, mar wy wiene hjoed om in bakje by sweager dy’t dêr wennet. De flaggen, Kandadeeske, Mildamer, Fryske en Nederlânske, wapperen oan ‘e huzen en by it tsjerkje.

    Ik hie noait sa’n fassinaasje foar de oarloch. As wy yn myn bernetiid troch de Gaasterlânske bosken fytsten, koe heit hiel spannend fertelle oer syn tiid as ûnderdûker. Wy wisten presys wêr’t er sitten hie, yn in gat yn ‘e grûn, earne oan de râne fan de bosk, healwei in heuveltsje. Dat er in kear steande holden waard troch de Dútsers: in sûne jongeman op in fyts mei bannen, dat koe net doge. Hoe’t er oan ‘e ein fan de oarloch ús mem kennen learde dy’t út Amsterdam wei achter it loket fan it distribúsjekantoar kaam te sitten.

    Hjoed krige ik in, goed bewarre, mapke mei oarlochspapieren fan ús heit yn hannen. Mei persoansbewiis, falsk persoansbewiis, in pear hanfollen distribúsjebonnen en dokuminten dêr’t er yn oanfitere waard him te melden om nei Dútslân te gean. Hy waard begjin 1944 yn Bremen ferwachte. Op It Hearrenfean wie, oan de papieren te sjen, in tige warbere amtner dy’t him dêrmei dwaande hold. Ik hie gjin weet fan dit mapke, lit stean fan it briefke dat hjirby stiet.

    Lit de linkerhân net witte wat de rjochter docht, sa wie ús heit.

    Hanneke de Jong
  • De lêste moanne mei in fêste baan

    16 maart 2015

    Logo Slauerhoff

    Wike 3

    De man dy’t my belle, wie de direkteur fan lokaasje Haydnstrjitte fan OSG Slauerhoff. Hy frege oft it my wat like om dêr de lessen Frysk te jaan oan de earste klassen. Fansels! Fantastysk! Nei in peatear mei de direkteur, melde in direkteur fan in oare lokaasje him: hy woe ek wol in dosinte mei in Frysk foech. Dêrnei kamen der noch twa en nei dy simmerfakânsje hie ik 14 earste klassen mei pubers dy’t o sa’n ferlet fan Frysk hiene. It punt wie faak dat se dat sels net wisten…

    De jierren dêrnei wiene pittich. Elke lokaasje hie syn eigen wize fan lesjaan, fan ‘gewoan’ oant it begjin fan Montessori. As ik op de iene skoalle wie, miste ik de gearkomsten fan de oare lokaasjes. Ik wie in soarte fan lokaasjeswalker, oeral en nergens thús. Alle nammen dy’t ik ûnthâlde moast, fan kollega’s mar foaral fan bern! Al dy ademleaze kopkes dy’t alle wiken op my wachten! Se groeiden sa hurd, wiene de iene moanne noch in basisskoallebern en de oare moanne in folsleine puber. Ik wit net oft sijen in protte learden, mar ik wol! Ik krige hieltyd mear aardichheid oan it lesjaan oan dizze leeftyd. Nei in pear jier krige ik  oeren foar twadde klassen en dêrnei foar tredde klassen. Dêr koene se foar it Afûk A diploma gean. De measten slagge en wat wie ik grutsk!

    Privee wiene it de ‘sandwichjierren’, mei de soarch foar trije puberbern en âlder wurdende âlden. Heit dy’t opereard wurde moast oan kielkanker wylst thús myn man wachte op de folgjende hernia-operaasje. It wiene tropejierren dy’t nettsjinsteande de freugde fan it útkommen fan berneboeken en myn earste jeugdroman, ek yn it Nederlânsk, dreech wiene. De lea bejoech it en hieltyd faker rekke ik siik oant it net mear gie. Der waarden ferfangers foar my socht. Wylst ik thús siet, waard de skoalle grutter. Slauerhoff gie, Piter Jelles kaam en it sinnige logo fan Theo van Egeraat waard ferfongen troch in nij. Wêr soe ik bedarje?

    Hanneke de Jong
  • De lêste moanne mei in fêste baan

    9 maart 2015

    20150309_201503

    Wike 2

    Der kaam in knip yn myn ‘wurksume libben’ . Dy jierren stiene yn it teken fan bern krijen en opfieden. Om’t ik net hiele dagen yn pjuttetaal prate woe en koe, begûn ik oan de stúdzje Frysk. Earst treddegraads en om’t dat sa noflik gie, fuort twaddegraads der achteroan. Dêrnei hie ik skjin myn nocht fan de téory en woe ik dingen dwaan. Ik die mei oan de Frjentsjerter nijjiersrevu, begûn Sinteklazemearkes te skriuwen en te regisearjen en joech Afûkkursussen Frysk oan folwoeksenen. Dêrby hiene wy yntusken trije lytse bern dêr’t ik hiel wat kearen mei nei dokters en it sikehûs moast. Twa buiskebern en ien hiel drok jonkje. Nee, ik ferfeelde my net!

    Doe’t de jongste nei de basisskoalle gie, krige ik mear frijheid en dat begûn te jokjen. Ik woe wer oan it wurk, sels as dat betsjutte dat ik ynfalle moast. Dêr seach ik tsjinoan as hingjen, mar in kantoarbaan wie slimmer. Dat ik melde my oan yn de gemeente Ljouwert, dêr wiene skoallen genôch!

    It waarden dagen dat moarns tsjin healwei njoggenen de telefoan gean koe, dat ik fuort yn de auto stapte, alle kearen nei in oare skoalle. It wie dreech, want soms kaam ik yn in klasse dêr’t ik de seisde ynfaller wie. Dan sieten bern echt net op my te wachtsjen. Gelokkich waard myn oanhâlden beleanne, want op in dei gie de telefoan mei it fersyk my te melden om te praten oer in baan. In echte, fêste baan!

    En yn dyselde tiid kaam myn earste berneboek(je) út. Wat in debút: De kraan seit drip!

    Hanneke de Jong
  • Feestlik begjin fan De Skoalskriuwer

    31 januari 2015

    IMG_0112

    Op tiisdei 27 jannewaris waard ik feestlik ferwolkomme as Skoalskriuwer yn Twizelerheide op De Reinbôge. Mei in liet, in dûnske en in taspraakje fan de wethâlder. Doe stapte ik út in grut boek mei in ûnbidige plunjepûde. Dêryn siet alles dat men noadich hat foar in ûntdekkingsreis. Want dêr giet it de kommende wiken oer: it ûntdekken fan boeken en ferhalen yn twa talen. https://lnkd.in/bjVWUa4

    Hanneke de Jong
  • De Schoolschrijver

    31 januari 2015

    LOGO voor organisatie 1

    O sa bliid bin ik no’t ik fertelle mei dat De Schoolschrijver ek nei Fryslân komt. Noch blider dat ik ien fan de Fryske skoalskriuwers bin! ‘Myn’ skoalle foar it kommende healjier is De Reinbôge yn Twizelerheide. In skoalskriuwer jout ekstra omtinken oan lêzen en skriuwen yn it Frysk en Nederlânsk. Want yn Fryslân is De Schoolschrijver fansels twatalich! Wat in skoalskriuwer noch mear docht? Sjoch www.deschoolschrijver.nl

    Heel blij ben ik dat ik mag vertellen dat De Schoolschrijver ook naar Fryslân komt. Nog blijer dat ik een van de Friese schoolschrijvers ben! ‘Mijn’ school voor het komende halfjaar is De Reinbôge in Twijzelerheide. Kijk op de website wat een schoolschrijver precies doet. Zie www.deschoolschrijver.nl

    Hanneke de Jong