Skriuwlab

Skriuwlab, it begjin

  • De Skoalskriuwer: de boekekiste

    15 januari 2016

    De Skoalskriuwer: de boekekiste

     

    Schoolschrijver-affiche-2016-Hanneke

    It is hast safier, de start fan it nije trajekt fan De Skoalskriuwer. Dat wol sizze de start foar de learlingen, want Skoalskriuwers, learkrachten en bybmeiwurkers binne al lang oan ‘e gong. Springst net sa eefkes foar de klasse om in bytsje gesellich mei bern te lêzen en te skriuwen.

    It earste dêr’t ik mei oan ‘e slach gie, wie it foljen fan de boekekiste. Elke groep dêr’t ik kom, kriget in krat mei 25 boeken dy’t se yn de klasse lêze meie. De boeken dêrfoar komme út de byb. Elke skriuwer makket syn of har eigen kar. Ik besykje it te ferdielen oer de folgjende soarten: printeboeken, maklik lêzen boeken, Fryske boeken en prachtige boeken. Dan sit der neffens my foar alle bern wat yn nei harren gading. Ik stopje der gjin Stilton-, Looser- of Mutsboeken yn, want dy lêze se meastal dochs wol. Ik fyn it belangryk dat bern in grut ferskaat oanrikt krije, sadat se sjogge hoe moai de boekewrâld is en dat der foar harren ek wat by sit. En fine se in boek absolút net moai, dan meie se nei in oantal siden ophâlde. Nei elk boek dat se lêzen ha, skriuwe se yn in boekelochboek wat se fan it boek fûnen. Om’t Leuk in neatsizzend wurd is, moatte se dat sa presys mooglik omskriuwe, ek as se in boek net moai fine. Soms witte se dat net sa goed nei de earste 10 siden en dan begjinne se fierder te lêzen, soms it hiele boek út.

    Yn de klasse komt de Boekemeter te hingjen. Tank foar de tip Mindert Wynstra! Dêrop komt de stân fan de lêzen boeken te stean. As it in moai rûn getal is, krije se as beleanning in taalspultsje of in ferhaal oanbean.

    Yn de lessen meitsje ik ek gebrûk fan de boekekiste. Lykas ferline jier wurkje ik it hiele trajekt mei in tema. Elke les hat syn ûnderdiel fan dat tema. As yn les 3 Famylje sintraal stiet, lês ik oan ;e ein fan Les 2 bygelyks foar út Mijn geweldige tovertante fan Dolf Verroen of út In nije heit fan Tys Wadman of Weg met de jongens fan mysels. De learkracht lêst dan de hiele wike stikjes foar út dat boek, sadat de bern hielendal klear binne foar de folgjende les. Foardiel is dat sawol bern as learkrachten in fprotte ferskillende soarten boeken presintearre krije!

    De beide skoallen binne entûsjast oer dit twatalige trajekt. Want alles is twatalich, ek de posters, wurkmappen foar de bern en myn lessen. Dizze wike ha ik yn Deinum en Minnertsgea west om ôfspraken te meitsjen oer de start, in âlderjûn, in tuskenevaluaasje en noch folle mear. It is fantastysk om mei te meitsjen hoe’n sin as de learkrachten der oan ha, hoe’t se meitinke en op skitterjende ideeën komme. Dêr mei ik noch neat oer sizze, mar jim sille it lêze!

     

    Hanneke de Jong
  • De Skoalskriuwer: it twadde jier

    30 november 2015

    De Skoalskriuwer: it twadde jierLOGO voor organisatie 1

    It is hast safier: in nij seizoen fan De Schoolschrijver begjint wer. Yn Amsterdam foar de seisde kear, yn Fryslân en Grinslân is it it twadde seizoen. Brabân is de nije provinsje. Yn Fryslân binne it net mear fiif mar tsien skoallen. Der binne twa nije skriuwers by, Kate Schlingemann en Derk Visser, mei om’t Arend van Dam ferhuze is nei Breda. De ‘âlde’ skriuwers ha yn Fryslân aanst twa skoallen. Yn desimber moetsje alle skoalskriuwers inoar yn Amersfoart. Ik ha der no al sin oan!

    Ferline jier reizge ik alle wiken út Frjentsjer wei nei Twizelerheide. De skoallen fan takomme jier binne tichterby, yn Minnertsgea en Deinum.  Oare wike sil ik nei Minnertsgea om yn ‘e kunde te kommen mei de (masters) en juffen. De wike dêrnei is Deinum oan ‘e beurt. Ik bin ôfgryslik benijd hoe’t it my ôfgean sil om twa skoallen te hawwen. It freget in goede tarieding, de boel net trochinoar helje, koartsein in poerbêste organisaasje. Wylst ik dit skriuw waait it bûten in stoarm en yn ‘e holle dus ek. Neam it in útdaging. Mar ik wit dat ik, sagau’t ik foar de klasse stean, gjin twifels mear ha. Dan telle de bern, de ferhalen en de boeken!

    De lêste wiken bin ik oan it lêzen foar de boekekisten. Elke klasse kriget in kiste mei 25 boeken deryn dy’t ik útsocht ha: spannende, grappige, fantastyske, Nederlânske en Fryske boeken. In oantal titels dy’t ik ferline jier brûkte, komt der wer yn om ferskillende redenen. Moai skreaun, in ferhaal achter it ferhaal of om’t de bern yn Twizelerheide der gek op wiene. Oare boeken wol ik ferfange, omdat der noch moaiere binne of  om’t ik dit jier wat oars wol. Ferline jier wurke ik út in tema wei: ûntdekkingsreizen. We ha wat ûntdutsen doe! Dit jier doch ik it oars, mar dat giet yn oerlis mei de skoallen en dus falt der noch net in protte oer te sizzen. It pittichste sil wêze dat ik der in groep 3/4 by ha. Groep 3 kin krekt wat lêze en groep 4 is in hiel ein fierder.

    No wurket it gelokkich by De Skoalskriuwer sa, dat wy leare fan inoar. Alle skoalskriuwers kinne gebrûk meitsje fan in ynternetfoarum. Dêr kinne wy de dingen opsette dêr’t wy mei sitte. Sa is der al in skriuwer dy’t oanbean hat my mei groep 3/4 te helpen om’t hy dêr ûnderfining mei hat. Ferline jier hie ik in buddy, Lydia Rood, en dit jier kin ik wer mei myn fragen by har te plak. Fan De Skoalskriuwer leare net allinnich de bern en de masters en juffen mar de skriuwers ek. Se leare oer oare boeken as allinnich dy fan harsels, oer (foar)lêzen en taal, én it hat grif ynfloed op har eigen skriuwen. By my wurket dat teminsten wol sa. Mar dat komt in oare kear oan ‘e oarder.

    Hanneke de Jong
  • Fakânsje

    2 september 2015

    SONY DSC

    Fakânsje

    Us heit wie, lykas myn man, skoalmaster, en sels wurke ik ek yn it ûnderwiis. Jierren foar de klasse, letter op in kantoar. Dat betsjut dat ik myn hiele libben skoalfakânsjes hie. Dy wiene lang, dat wit elk, mar ek drok en djoer. Ast yn simmerhúskes bivakearrest, fljocht dy it jild ta de bûse út, sa simmers. Benammen mei de winsken dy’t wy hiene: poerbêste bêden en goede stuollen. Oars kamen wy yn stikken wer thús en dat koe de bedoeling net wêze. Boppedat wie it altyd oeral drokte.

    Dit jier is alles oars. Yn de ôfrûne simmermoannen siet ik foar in grut part yn myn sjaletsje oan in boek te wurkjen. Op de camping wie it gesellich, mar op ús fjildsje en seker it hoekje dêr’t ik sit, is it altyd rêstich. Hiel geskikt om te skriuwen. Doe’t de skoallen wer begûnen, makke ik my klear foar fakânsje. Mei skoansus, man past op hûs, hurd en hûn, op nei Frankryk. Op ‘e diken wie it noch net echt stil mar in ein nofliker as foarige jierren. De minsken dy’t nei Frankryk rieden, wiene hast allegearre grize dowen. Wy pasje der prima tusken.

    No sitte wy yn in húske midden yn de Morvan. It is hjir stil, op in inkele ko, hoanne of keffende Fifi fan de buorlu nei. It húske hat alles om it ús oangenaam te meitsjen op ien ding nei: in houtkachel. Wy roeken him sagau’t wy der yn kamen en minder noch, dy geur gie net fuort. Stadichoan waard ik benauder en no ha ik in stim as in bas-bariton en blaf ik lûder as Fifi. De kachel is yntusken útsogen, de keamer ek, en de plumeau hat syn wurk dien. No mar hoopje dat ik aanst myn eigen stim werom krij en net sa gammel mear bin. Der is hjir in protte te sjen en moaie paden te berinnen. Mochten wy de boeken fergetten wêze, dan stiet hjir noch in kastfol.

    Fakânsje, foar it earst yn septimber. Sommige dingen wenne flotter as oaren. Dit is der ien fan!

    SONY DSC

     

    Hanneke de Jong
  • In protte fragen op 4 en 5 maaie

    5 mei 2015

    In protte fragen op 4 en 5 maaie


    flagge

    Justerjûn hiene wy de flagge healstok, hjoed waait er fleurich yn ‘e wyn. Betinke en fiere, dit jier folslein oars as al dy jierren dêrfoar.

    Doe’t ús mem noch libbe, fernamen wy dat it foar har hieltyd swierder waard om werom te tinken oan 40-45. Op telefyzje kamen mei de jierren earder mear as minder films en dokumintêres oer de twadde wrâldoarloch. Se koe der min oer. It grutste part fan dy fiif jier wenne se yn Amsterdam. In tiid dêr’t se net in protte oer prate, mar se hie faak bang west. Alles wat se heard en sjoen hie waard yn har holle hieltyd slimmer en grutter. Foar har einige de oarloch yn Balk – pake wurke by de belestingen en dêrom ferhuzen se gauris – en kaam sy op it distribúsjekantoar te sitten.

    Us heit wie myn skoalmaster dêr’t wy as learlingen mei nei it monumint yn Sint Nyk tagiene om blommen te lizzen. Dy’t neat losliet oer syn rol. Pas sûnt 12 april fan dit jier wit ik dat heit yn it ferset sitten hat, om’t er in mapke mei papieren út dy tiid bewarre hie. Fansels woe ik mear witte. Ik googele en seach dat der op dyselde 12de april in útstalling begûn yn it museum fan Aldemardum: oer it ferset yn Gaasterlân. Immen soe ferhalen út dy tiid fertelle. Ik naam kontakt op, oft se mear wisten oer ús heit en oer syn broer. Ik krige mails werom: ús heit hie fuort nei de oarloch ien en oar op papier setten en dat nei in argyf brocht om dêrnei ‘terug te keren naar de burgermaatschappij’. Fan myn omke wie neat te finen. Myn âldste neef miende dat er ek yn it ferset siet, him in nacht ferstopje moast yn in sleat, dêrtroch in longûntstekking krige en ferstoar. Hy sil grif de ienige net west ha dy’t troch minne medyske soarch de ein fan de oarloch net helle. Oer dizze minsken heart men noait wat, wylst sy ek harren libben joegen.

    Ik wol witte. De hiele simmer is de tentoanstelling noch yn Mar en Klif te sjen, wurde de ferhalen ferteld. Ynkoarten, as ik it grutste part fan myn tiid yn Gaasterlân trochbring om te skriuwen, sil ik der hinne. Al wit ik no al dat ik gjin antwurd krij op al myn fragen.

    Hjoed wapperet de flagge. Foar my dit jier yn it bysûnder om ús heit en omke Mintsje te betankjen. Ek út namme fan bern en bernsbern

    Hanneke de Jong
  • Wat ik fan ús heit net wist

    12 april 2015

    20150412_171506

    Hjoed is it 70 jier lyn dat der in begjin makke waard mei de befrijing fan Fryslân. It begûn yn Mildam; oars hie ik it net witten, mar wy wiene hjoed om in bakje by sweager dy’t dêr wennet. De flaggen, Kandadeeske, Mildamer, Fryske en Nederlânske, wapperen oan ‘e huzen en by it tsjerkje.

    Ik hie noait sa’n fassinaasje foar de oarloch. As wy yn myn bernetiid troch de Gaasterlânske bosken fytsten, koe heit hiel spannend fertelle oer syn tiid as ûnderdûker. Wy wisten presys wêr’t er sitten hie, yn in gat yn ‘e grûn, earne oan de râne fan de bosk, healwei in heuveltsje. Dat er in kear steande holden waard troch de Dútsers: in sûne jongeman op in fyts mei bannen, dat koe net doge. Hoe’t er oan ‘e ein fan de oarloch ús mem kennen learde dy’t út Amsterdam wei achter it loket fan it distribúsjekantoar kaam te sitten.

    Hjoed krige ik in, goed bewarre, mapke mei oarlochspapieren fan ús heit yn hannen. Mei persoansbewiis, falsk persoansbewiis, in pear hanfollen distribúsjebonnen en dokuminten dêr’t er yn oanfitere waard him te melden om nei Dútslân te gean. Hy waard begjin 1944 yn Bremen ferwachte. Op It Hearrenfean wie, oan de papieren te sjen, in tige warbere amtner dy’t him dêrmei dwaande hold. Ik hie gjin weet fan dit mapke, lit stean fan it briefke dat hjirby stiet.

    Lit de linkerhân net witte wat de rjochter docht, sa wie ús heit.

    Hanneke de Jong