Skriuwlab

Skriuwlab, it begjin

  • Einlings: fakânsje!

    9 september 2016

    SONY DSC

    Einlings: fakânsje!

    Nei in lange wurksimmer, dêroer letter oait ris mear, levere ik de manuskripten yn dy’t ik dwaan woe en koe ik op fakânsje. Al jierren gean ik mei skoansus op stap, om’t de man, rêchtechnysk sjoen, net fierder komt as Drinte of Texel. Hy past leaver op hûn en hurd.

    Let op de sneontemiddei kamen we oan yn Bretagne, dêr’t ik in húske hierd hie. It is in húske fan Nederlânske eigners dy’t mei oaren in ekoparkje hawwe mei in stik as wat tige ferantwurde húskes. Wy waarden ferwolkomme troch de frou dy’t it netsjes en skjin hâldt, en skjin is it! Se liet ús der yn en de gjalpen wiene net fan de loft. Wat grut! Wat moai! Wat in keuken! Twa badkeamers! Wy learden dat eko net krap en sunich hoegde te wêzen. De bêden wiene opmakke en dêr makke ik fuort gebrûk fan, ynein fan de lange reis. We hiene ûnderweis de alderneedsaaklikste boadskippen dien om’t ik miende dat yn Frankryk op snein de supers ek in part fan de snein iepen wiene. Foar jûns wie in brochje genôch.

    De sneintemoarn fleach foarby, mei allegearre moaie ûntdekkingen yn en om it hûs en wy soene te boadskipjen. Skoansus frege foar de wissichheid in buorfrou/eigenaresse en dy fertelde dat wy krekt te let wiene, yn Frankryk binne de winkels sneintemoarns iepen. En op iten hoegden we ek net te rekkenjen, tsjin de tiid dat wy by in fatsoenlike ytgelegenheid wiene, kamen wy der net mear yn. Dêrfoar moasten wy te fier ride, sei se.

    En sa begûnen wy de fakânsje mei in biddelronde: fan de iene buorfrou krigen wy ôfbakbroadsjes, bio fansels, en fan de oare bio-aaien, in pot sop, slaad en tomaten. Dochs giene wy op sjou om in yttinte, it makke ús net sa folle út wêr, wat en hoe, as it mar waarm wie! Wy rieden en rieden, nergens wie de oantsjutting fan in restaurant te sjen, heechút fan in bar dy’t sletten wie. De snein is famyljedei, hiene de dames al ferteld.

    Mar dochs! Wy rieden foarby in bar dy’t iepen wie, der fris útseach en dêr’t minsken wiene. ‘Ho! Stop!’ rôp ik en skoansus skeat nei de kant. De auto parkeard en op nei de Bar. It wie, yn ús eagen, in kafetaria, de minsken wiene freonlik en behelpsum en setten ús al gau in hearlike plat du jour foar. In oerke letter koene we werom nei ús hûs. Jûns ieten wy fan de ôfbakbôle, de oare moarn ek en sa, mei tank oan de dames fan de oare húskes, ha wy it earste wykein oerlibbe.

    De restaurants, dêr’t wy eins hinne moasten, wiene de saneamde ‘betere restaurants’ dêr’st reservearje moatst en dêr’st mear as 50 km. foar ride moatst. Oan de kust, grif, en wy sitte yn it binnenlân. As wy ris yn dy hoeke komme, dan is dat bêst, al sille wy der net foar reservearje. Wy nimme graach genoegen mei minder, want lekker is it dochs wol. Mar meastal komme wy amper de doar út, sa genietsje wy fan alles. Nachts brâne der gjin lampen bûten, want dat is net eko mar ljochtfersmoarging, en dus binne de nachten hjir donker, yn en yn swart, op in inkele stjer nei. Ta rêst komme slagget grif yn dit geweldige hûs en syn omjouwing.

    SONY DSC

    Hanneke de Jong
  • Utrikking Simke Kloostermanpriis 2016

    24 mei 2016

    Utrikking Simke Kloostermanpriis 2016

    DSC_0033

    Freed 20 maaie wie it safier: de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis 2016. Wylst de gasten nei de Petrustsjerke yn Twizel giene, hiene wy noch even tiid yn it hûs fan Simke om yn de kunde te kommen mei ûo boargemaster Gerben Gerbrandy en deputearre Sietske Poepjes. It hie in drokke wike west mei oandacht yn de Fryske kranten, op woansdei yn it FD en op de deis fan de útrikking yn de LC. Moai skreaune stikken dêr’t ik in protte reaksjes op krige. Sa as: ‘Hat Hanneke in koaikerhûntsje? Dat sei ús mem. Wy hawwe ek ien!’

    Tsjin trijen setten wy ôf om efkes letter yn in moai folle tsjerke oan te kommen. Myn man en ik mochten plak nimme yn de hearebanken by de pommeranten. (oftewol de Bobo’s) De boargemaster ferwolkomme elk en iepene mei in stikje skiednis oer Simke Kloosterman. Dêrnei mochten Elske en Jitske foarlêze út ‘Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen’. De beide famkes kamen fan myn skoallen dêr’t ik dit jier as Skoalskriuwer bin. Se liezen prachtich en helder foar, gjin sprút benaud! Njonken harren, yn de hearebanken oan de oare kant, sieten klasgenoaten dy’t as echte sjoernalisten in ferslachje makken foar harren skoalkranten.

    Tusken twa muzykoptredens yn fan Ella and Her Man, mei swingende sang en gitaar/trompet, wie de feitlike priisútrikking. As earste lies foarsitter Sigrid Kingma it sjueryferslach foar. Se fertelde dat it in hiele put wurk west hie om in winner út te kiezen. Uteinlik wûn myn boek, al wie de sjuery net sa wiis mei it uterlik derfan. Deputearre Sietske Poepjes mocht, nei har speech, de priis útrikke en dat barde bepaald spetterjend! Se lange my, behalve in prachtich bosk blommen, in grutte soartemint tonne oer, moai ynpakt yn pompebledsjepapier. Doe’t se it deksel der ôfhelle, wie it as ûntplofte de boel: in konfettykanon! Ut de tonne kaam in grutte, feestlike ballonneballon sweevjen dêr’t, doe’t de ballon heger en heger gie, in moai fersierde sjek oan hinge! Fantastysk! As útsmiter krige ik in boekje, spesjaal foar my makke troch Baukje Scheppink. In keunstwurkje!

    De boargemaster woe Ella en Her Man wer sjonge litte, mar ik wie sa frij om mysels earst it wurd te jaan. Wy wiene sa bot yn ‘e stimming! Ik hie wakker op dit tankwurd omstind, mar harke dochs goed nei myn bern dy’t sein hiene: ‘Meitsje der mar gewoan in ADHD-speech fan, mem, dat past it bêste. By it boek en by mem.’ En sa wie it fansels. Doe’t ik útsprutsen wie, mocht de muzyk wer. Al hie de boargemaster noch in ferrassing: der waarden cupcakes omparte, sadat wy al harkjend lekker ite koene. De cupcakes wiene net allinnich lekker, se seagen der ek prachtich út, hielendal yn de styl fan it boek. De muzyk makke it feest kompleet.

    Boargemaster Gerbrandy wie dy middeis in betûfte oan-inoar-prater; oan ‘e ein fertelde hy dat de resepsje in eintsje fierderop wie, yn it hûs en de tún fan Simke Kloosterman. Dêr waard it noch wakker gesellich mei hapkes, út De Fryske Petiele fan Simke, en drankjes en waard ik bedoarn mei blommen, boeken en noch folle mear. It wie in bysûndere en superspetterjende priisútrikking!

    DSC_0007 DSC_0054DSC_0023 DSC_0025DSC_0042 DSC_0049DSC_0051 DSC_0060

    Hanneke de Jong
  • De Skoalskriuwer: foar De Leafste!

    14 april 2016

     

    De leafste 6

    Dit jier ha ik foar it earst twa skoallen dêr’t ik kom as Skoalskriuwer. Fan te foaren tocht ik dat ik de boel administratyf sjoen wol ris trochinoar helje koe, mar dat falt ta. Ik hie ek tocht dat ik miskien op de ferkearde dei op de oare skoalle oansetten komme soe. Al dy prakkesaasjes hearre ta de kategory apen en bearen. It is pittich, mar it hat seker foardielen om oan twa skoallen te stean.

    Der binne dagen dat it yn ien klasse net sa goed wol; ik sis miskien de ferkearde dingen, berik de bern net en der komt net út wat ik fan te foaren betocht hie. Dan binne der oare klassen dy’t de twifel oft ik it wol kin, fuortnimme. Om’t dêr ek reaksjes komme dy’t ik net foarsjoen hie, mar dy’t my ferrasse. De lessen dat ik it hiele oere genietsje en jubeljend thúskom. Dy’t meitsje dat ik lear hoe’t ik mei dy oare klasse better omgean kin.

    De groep dêr’t ik wat tsjinoan seach wie de kombinaasje 3/4. De bern yn groep 4 lêze al, yn groep 3 binne se it oan it learen. En hoe moast dat dan mei skriuwen? Neam it in útdaging. En o, wat ferrasten dizze bern my dizze wike!

    Ik wie sels ûnrêstich, fol fan it feit dat myn boek de Simke Kloostermanpriis wûn hie en ik dat net fertelle mocht. De lytsten fan de skoale begroetsje my alle kearen entûsjast en ha in protte te fertellen. Nei de earste lessen mei in protte foarlêzen, tekenjen en gedichten dellizze en opplakke fan al úttypte wurdsjes, wie it tiid om echt sels te skriuwen. De opdracht wie om in brief te skriuwen oan De leafste: heit en/of mem, broerke/suske, pake/beppe, in bist of in knuffel, it koe allegearre. Se giene daliks oan de slach, hoegden net lang nei te tinken oan wa’t se skriuwe soene. Oan in sike pake, oan de allerleafste juf, oan heiten, memmen, pakes, beppes, broerkes en suskes, alles kaam foarby. Se woene ek wol foarlêze, graach sels. Prachtich!

    Letter op ‘e moarn fernaam ik dat ik it Simke Kloostermannijs fertelle mocht. Ik liet myn webside sjen, mei it blochje. Spontaan applaus fan de bern! En de fraach wat dat no opsmiet, sa’n priis. It antwurd koe harren wol bekoare: der binne aardich wat bern dy’t no ek skriuwer wurde wolle. Dat wurdt konkurrinsje, kollega’s!

     

    De Leafste 1

    Hanneke de Jong
  • De Simke Kloostermanpriis 2016!

    13 april 2016

    books_27_trettjin_dagen

    Simke Kloostermanpriis 2016

    Boargemaster Gerbrandy fan Achtkarspelen belle foar de twadde kear. Ik wie net thús, myn man naam op. De boargemaster tocht dat er it myn man ek wol tafertrouwe koe. ‘Jo frou mei in spetterjend feest organisearje,’ wie it boadskip. ‘Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen is it winnende boek.’

    Ik hie it net ferwachte. ‘Echt?’ frege ik. ‘Echt wier?’

    It wie gjin grapke en stadichoan begriep ik it. Ik ha de Simke Kloostermanpriis wûn. Foar de twadde kear! Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen is it bêste Frysktalige berne/jeugdboek fan de ôfrûne trije jier! Ik waard bliid. En blider. En alderferskuorrendst bliid! Want dit boek betsjut in protte foar my. It boek dat oer in puberfamke giet dat net wit dat se ADHD hat. Har broerke blykt it wol te hawwen en dêr binne in protte problemen mei. Mei har net. Hoewol… der giet wol it ien en oar fout yn har libben.

    Dizze wike hearde ik oer in famke fan 15 dat folslein mei harsels yn de knoop siet. Mem wie der sa mei oan dat se fûn dat it bern mar nei in tuchthûs moast. Styfmem naam mei it famke de papieren troch foar in ADHD-ûndersyk, sa as Marike yn it boek dat docht mei Peter, har broerke. De heit hie Trettjin dagen (yn de Nederlânske fersy) al oantúgd foar it famke, as kado.

    Ik hâld net fan boeken mei in boadskip, mar se meie wol ergens oer gean. Dit boek giet ergens oer. En no hat it in priis. Ik bin bliid, foaral no’t ik it fertelle mei! De útrikking is op 20 maaie yn it tsjerkje fan Twizel.

    Simke_Kloosterman_as_jongfaam

    Hanneke de Jong
  • De Skoalskriuwer en oar nijs

    20 maart 2016

    De Skoalskriuwer en oar nijs

    Dichten in Mga

    Der barde in protte dizze wike. Ofrûne moandei krige ik nijs dêr’t ik my oer stilhâlde moast oant it yn de krante stie. Gelokkich wie dat sneon safier. Myn boek ‘Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen’ is nominearre foar de Simke Kloostermanpriis. De oare nominearren binne ‘Femke faalt’ fan Ate Grypstra, ‘In nije heit’ fan Thys Wadman en ‘Dy iene foto’, in ferhaleboek fan 10 skriuwers. Ik bin bliid mei dizze nominaasje al moatte wy noch even geduld dwaan. ADHD en geduld ferdrage inoar min!

    Mar fansels gie ik ek nei de skoallen yn Deinum en Minnertsgea te skoalskriuwen. Wy giene der op út. De bern mochten opskriuwe wat se seagen, fielden, roeken en hearden om dêr letter, werom yn de klasse, gedichten oer te meitsjen. It wie prachtich waar om nei bûten te gean. De bern ha in begjin makke mei dichtsjen en soene it yn de rin fan de wike ôfmeitsje. Ik bin benijd wat ik te sjen krij.

    Dizze wike ha ik mappen neisjoen om te lêzen wat der al skreaun is. Der sitte prachtige ferhalen by. In moai begjin wie: En daar stonden we dan, midden op de toendra. Geen mens te zien, hoogstens af en toe een eland. In begjin om fierder te lêzen!

    Is it in wûnder dat ik hjir nocht oan ha? 

    Dichten in Deinum 2 Dichten in Deinum 1 Dichten in Mga 2 Dichten in Mga 5

    Hanneke de Jong