Skriuwlab

Skriuwlab, it begjin

  • Hûndert jier heit

    7 februari 2017

    Hûndert jier heit

    As bern wie 7 febrewaris ien fan de moaiste dagen fan it jier. Net allinnich wie it dy deis ús heit syn jierdei, mar dy fan master ek! Op it twamansskoaltsje fan ús heit waarden de jierdeis fan master en juf mei de hiele skoalle fierd. Allegearre yn ien lokaal en it wie de hiele dei feest. Foar it skoft mocht master of juf pakjes útpakke, nei it skoft diene de bern tenielstikjes en Wigle Ruiter spile poppekast! Middeis kaam it filmtastel midden yn it lokaal te stean en seagen wy film, dêr’t dy fan de Dikke en de Dunne de moaisten wiene.

    Op dat skoaltsje giene de dingen wol ris wat oars as op oare skoallen, al wist ik dat doe noch net. Hoe lyts de groep ek wie, wy songen kanons en twastimmich, by hantfeardigens learden wy mei pitryt dingen te meitsjen. Us heit wie gek op pitryt. Wy hiene fan alles yn ‘e hûs dat hy makke hie en letter, doe’t er Marijke of mij yn de klasse krige, waard dat noch mear: ûndersetters, teeblêden, bôlekuorkes, papierkuorren, neam mar op. Ik hie der, krekt as heit, nocht oan en makke op de legere skoalle en letter op de PA ek ûndersetters en kuorkes.

    Yn 2000, doe’t heit ferstoarn wie, kamen syn kuorren wer foar it ljocht. Ik krige ûo in papierkoer en sûnt dy tiid stiet dy ûnder myn buro. Ik bin der wiis mei, ek om it ferhaal derachter; boppedat kin ik min dingen fuort dwaan. Ik soe der dan ek net oer prakkeseare om de papierkoer fuort te smiten as Luca der net sa gek op wie. Hiel wat kearen hat er de tosken der yn setten en no is ien tredde oanfretten; it sjocht der net mear út. Dus siet ik ferline wike wat nijs út te sykje en krige ik juster berjocht dat der hjoed in nije ‘prullenbak’, gjin koer mear, komme soe. Op 7 febrewaris, presys op de dei dat ús heit 100 jier lyn berne waard! It fielt as krij ik in kado fan ús heit.

    Soms tink ik oan him, dat er ús allegearre ris sjen moast, benammen syn bernsbern. De keuzes dy’t se meitsje yn it libben, hoe’t se no sels heit en mem binne, hy soe derfan genietsje. En dat koe er as de bêste: genietsje!

    Hanneke de Jong
  • 2017: Wês net bang

    30 december 2016

    2017:

    Wês net bang,

    (mar wol foarsichtich)

    Yn 2015 naam ik ôfskie fan OSG Piter Jelles. Ik woe earder mei pinsjoen om folslein skriuwster te wurden. It earste jier foel dat net ta, troch oare besonjes skreau ik net in protte. It doel wie om it yn 2016 oars oan te pakken.

    Dat slagge en better as ik ea tinke kind hie. It earste healjier wie ik wer Skoalskriuwer, net op ien mar op twa skoallen. Dat befoel poerbêst. Tuskentroch wurke ik oan in berneboek dêr’t ik al jierren mei ompielde. Doe’t ik klear wie as Skoalskriuwer koe ik dat ôfmeitsje. Yn maaie krige ik foar Trettjin dagen op in spetterjend feest te organisearjen de Simke Kloostermanpriis foar it bêste berne/jeugdboek fan de ôfrûne trije jier. In opstekker, want wa wol net yn it rychje stean mei Berber van der Geest en Lida Dykstra dy’t dizze priis ek twa kear  krigen!

    It berneboek wie hast klear doe’t ik in fersyk krige: soe ik in jeugdboek skriuwe wolle yn it ramt fan Lês No, it projekt foar it fuortset ûnderwiis om de ûnderboulearlingen oan it lêzen te krijen? Ja, fansels! It moast in link ha mei in searje dy’t Omrop Fryslân makke, foar deselde doelgroep. Wy waarden it al gau iens oer it ûnderwerp. Yn deselde tiid kaam de fraach oft ik meiwurkje woe oan in rige foar begjinnende lêzers en ek dat sei ik ta.

    De hiele simmer skreau ik en it wie net altyd like maklik. It waard it ferhaal oer de flecht fan Lilan, it Syryske famke dat myn fioele krigen hie. Ik hold kontakt mei har, fia facebook en mail en sa kaam ik ek yn ‘e kunde mei har mem, dy’t mei har heit noch yn Syrië wenne. De mem fan Lilan holp my dêr’t se koe om it ferhaal sa goed en realistysk mooglik te meitsjen. Wy waarden fan memmen fan bern ‘sisters’. Se stjoerde foto’s en skreau in protte. Om’t se Ingelsk studearre hie, koene wy ús knap rêde. De oarloch yn Syrië waard slimmer, fan Aleppo, de stêd dêr’t se wei kamen, is amper mear wat oer. Dat makke dat ik faak oer har en har man yn siet, en oer harren bern dy’t alle trije al yn Nederlân wennen. Lilan, dy’t ridlik gau 18 waard, moast út it AZC foar jongeren om’t se as folwoeksen beskôge waard. Se mocht by har âldste broer wenje, tegearre op in net al te grutte keamer yn in barak sa’t wy se kenne fan de AZC’s. Ik ha dêr op besite west en it is in treasteleaze boel. Se moat sels soargje dat se Nederlânsk leart, oeral sels mei rêde en dat slagget net altyd like goed. Foar de simmerfakânsje waard har in húske tasein, mar se wennet noch altyd yn itselde AZC. Om’t de jongste broer noch gjin 18 is, koe hy freegje om gesinsherieniging. Yn it nije jier meie har heit en mem ek nei Nederlân komme en hooplik jout dat Lilan de rêst om har libben wer op te pakken.

    It boek is klear. De titel Wês net bang, (mar wol foarsichtich) komt fan har heit as hy har in pear kilometer foar de Turkse grins yn ‘e bosk ôfset.

    Heit leit de hannen op har skouders. Hy socht har djip yn ‘e eagen. O heit, leave, stoere heit!

    ‘Wês net bang,’ seit er, ‘mar wol foarsichtich. Tink oan alles wat mem en ik dy leard ha.’ Se knikt.

    Heit nimt har gesicht tusken syn hannen en tutet har foarholle. ‘Gean no, wy hearre fan dy.’

    ‘Goeie heit.’ Se krûpt him efkes oan.

    ‘Dach leave dochter.’

    Se begjint de bosk yn te rinnen, sûnder om te sjen.

    It boek leit yn ‘e winkel. It ferhaal sil yn it nije jier troch mear as 4000 learlingen yn it fuortset ûnderwiis lêzen wurde. Der sit in prachtige lesbrief by, makke troch Cedin. Ik bin bliid dat it ferhaal fan Lilan, en tagelyk dat fan oare flechtlingen, troch sa’n soad bern lêzen wurde sil.

    Myn motto foar 2017 is dan ek de titel fan it boek, want dat is mear as oait fan tapassing:

    Folle goeds yn 2017

    En wês net bang!

    Hanneke de Jong
  • Meidwaan oan Lês No!

    10 november 2016

    Meidwaan oan Lês no!

    flyer-de-reis-van-mijn-viool

     

    It wiene drokke moannen, nei de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis. Wylst ik de jierren dêrfoar mar wat oankeutele mei skriuwen en no en dan wat útjaan, barde der ynienen fan alles en noch wat. It measte witte jim al, as jim dit út en trochbloch byhâlde. Salsafamke gie nei de Buchmesse en dat wie moai, al ha ik der fierder neat fan heard. Makket net út, se wie der.

    Ik mocht in lêzinkje hâlde op it Drongofestival, oer skriuwen en De Skoalskriuwer, en ik die it mei wille. In ploechje Fryske skriuwers is oan ‘e gong mei boekjes foar bern dy’t lêzen leare en ik bin ien fan harren. Ik bin wol dejinge dy’t it as lêste ynleveret, bin ik bang, want ik hie al in deadline en twa… dat wie wat te folle fan it goeie.

    De earste deadline wie fan it projekt Lês No. Dat is in lêsbefoarderingsprojekt foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Bibliotheek-service Fryslân, Cedin, Tresoar, Afûk en Omrop Fryslân wurkje hjir yn gear. De omrop makket in tv-searje oer in tema, ferline jier wie dat De Koers, de Afûk jout in boek(je) út dat in link hat mei de searje en Cedin makket der lessen by. Oan my de fraach oft ik dat boek(je) skriuwe woe. Mar… der siet in deadline oan fêst. En deadlines en ik kombinearret oer it algemien net sa goed.

    De hiele simmer ha ik oan it skriuwen west en de earste ferzy wie op tiid klear. Der waard yn snien en redigearre en ik koe op nij begjinne. Mar by elke ronde waard it better en no is it klear. De titel: Wês net bang, (mar wol foarsichtich), it ûnderwerp: de flecht fan in Syrysk famke troch Europa nei Nederlân. Se is 17 jier en komt hjir yn har ientsje nei ta. It famke ken ik, se hyt Lilan en se hat ferline jier myn fioele krigen. Se hie in bysûnder ferhaal te fertellen dat my al lang yn de holle omjokke. Ik ha geregeld kontakt mei har en har mem, dy’t mei de heit, noch yn Syrië sit. De mem hat in slimme hertkwaal en kin it flechtsjen net oan. Lilan har beide bruorren binne no ek yn Nederlân. Om’t it tal wurden beheind bliuwe moast, koe ik net skriuwe wat se yn Nederlân noch allegearre meimakke hat. Sa’t it no stiet skriuw ik it hiele boek yn it Nederlânsk; der binne in protte minsken benijd nei.

    Yn desimber komt it boek út en it is wier net allinnich foar skoalbern fan it fuortset ûnderwiis te lêzen, it komt dan ek gewoan yn de winkel. En de titel? Dat binne de lêste wurden dy’t har heit tsjin Lilan seit, flak foardat se flechtet: Wês net bang, (mar wol foarsichtich).

     

    Hanneke de Jong
  • Ynterview Ensafh

    30 oktober 2016

    Ynterview Ensafh

     

    Yn de tiid fan de Simke Kloostermanpriis, maaie 2016, ha ik de noadige ynterviews jûn. Doe’t de fraach fan Ensafh lêstendeis kaam om in ynterview, wie ik ferbaasd, der wie ommers gjin nijs. Op myn fraach wêr’t it oer gean soe, wie it antwurd: oer dyn oeuvre en oer De Skoalskriuwer.

    Oer De Schoolschrijver kin ik altyd wol fertelle, om dat oeuvre moast ik laitsje. Neffens my bin ik krekt mei skriuwen begûn, sûnt ik oars net mear wurkje! Fansels wit ik dat ik in oantal boeken skreaun ha, mar it fielt oars. It earste jier moast ik op gleed komme en dêrnei kaam de drokte fan de priisútrikking derby. Gelokkich krige ik yn juni in skriuwopdracht fan Lês No, dêroer letter mear, en dat trune my oan om echt wurk fan it skriuwen te meitsjen. Soms wol it foar gjin meter, dat heart derby. Soms moat ik gewoan trochskriuwe, ek al wit ik dat it net echt goed is. Mar foardatst skrasse kinst, moatst it earst skreaun ha. Der is gjin ôflieding fan wurk fan bûten.

    Hjir earst it grutte ynterview fan Ensafh. Mei foto’s. Sjoch op Ensafh. Ast dat lêzen hast, witst omtrint alles fan my.

     

    Hanneke de Jong
  • Einlings: fakânsje!

    9 september 2016

    SONY DSC

    Einlings: fakânsje!

    Nei in lange wurksimmer, dêroer letter oait ris mear, levere ik de manuskripten yn dy’t ik dwaan woe en koe ik op fakânsje. Al jierren gean ik mei skoansus op stap, om’t de man, rêchtechnysk sjoen, net fierder komt as Drinte of Texel. Hy past leaver op hûn en hurd.

    Let op de sneontemiddei kamen we oan yn Bretagne, dêr’t ik in húske hierd hie. It is in húske fan Nederlânske eigners dy’t mei oaren in ekoparkje hawwe mei in stik as wat tige ferantwurde húskes. Wy waarden ferwolkomme troch de frou dy’t it netsjes en skjin hâldt, en skjin is it! Se liet ús der yn en de gjalpen wiene net fan de loft. Wat grut! Wat moai! Wat in keuken! Twa badkeamers! Wy learden dat eko net krap en sunich hoegde te wêzen. De bêden wiene opmakke en dêr makke ik fuort gebrûk fan, ynein fan de lange reis. We hiene ûnderweis de alderneedsaaklikste boadskippen dien om’t ik miende dat yn Frankryk op snein de supers ek in part fan de snein iepen wiene. Foar jûns wie in brochje genôch.

    De sneintemoarn fleach foarby, mei allegearre moaie ûntdekkingen yn en om it hûs en wy soene te boadskipjen. Skoansus frege foar de wissichheid in buorfrou/eigenaresse en dy fertelde dat wy krekt te let wiene, yn Frankryk binne de winkels sneintemoarns iepen. En op iten hoegden we ek net te rekkenjen, tsjin de tiid dat wy by in fatsoenlike ytgelegenheid wiene, kamen wy der net mear yn. Dêrfoar moasten wy te fier ride, sei se.

    En sa begûnen wy de fakânsje mei in biddelronde: fan de iene buorfrou krigen wy ôfbakbroadsjes, bio fansels, en fan de oare bio-aaien, in pot sop, slaad en tomaten. Dochs giene wy op sjou om in yttinte, it makke ús net sa folle út wêr, wat en hoe, as it mar waarm wie! Wy rieden en rieden, nergens wie de oantsjutting fan in restaurant te sjen, heechút fan in bar dy’t sletten wie. De snein is famyljedei, hiene de dames al ferteld.

    Mar dochs! Wy rieden foarby in bar dy’t iepen wie, der fris útseach en dêr’t minsken wiene. ‘Ho! Stop!’ rôp ik en skoansus skeat nei de kant. De auto parkeard en op nei de Bar. It wie, yn ús eagen, in kafetaria, de minsken wiene freonlik en behelpsum en setten ús al gau in hearlike plat du jour foar. In oerke letter koene we werom nei ús hûs. Jûns ieten wy fan de ôfbakbôle, de oare moarn ek en sa, mei tank oan de dames fan de oare húskes, ha wy it earste wykein oerlibbe.

    De restaurants, dêr’t wy eins hinne moasten, wiene de saneamde ‘betere restaurants’ dêr’st reservearje moatst en dêr’st mear as 50 km. foar ride moatst. Oan de kust, grif, en wy sitte yn it binnenlân. As wy ris yn dy hoeke komme, dan is dat bêst, al sille wy der net foar reservearje. Wy nimme graach genoegen mei minder, want lekker is it dochs wol. Mar meastal komme wy amper de doar út, sa genietsje wy fan alles. Nachts brâne der gjin lampen bûten, want dat is net eko mar ljochtfersmoarging, en dus binne de nachten hjir donker, yn en yn swart, op in inkele stjer nei. Ta rêst komme slagget grif yn dit geweldige hûs en syn omjouwing.

    SONY DSC

    Hanneke de Jong