Heaberch tusken twa boeken

Heaberch tusken twa boeken

Heaberch tusken twa boeken

Sûnt koart wit ik dat ik in heaberch bin. Earne yn my sit in spjelde en dy narret my. Hy stekt, hy jokket, hy lit my piipje en hoastje en hy makket it dreech om te sykheljen. En dus om te rinnen en te fytsen en oare dingen te dwaan dy’t ik graach doch. Is dy spjelde der op La Palma ynstutsen of ha ik him al folle langer? Ik ha gjin idee mar ik wit ien ding no wol, ik stean der net allinnich foar. De longarts yn Ljouwert stjoerde my troch nei Nieuwegein; dêr stiet in sikehûs dat ûndersyk docht nei ûnder oaren longsykten. Dêr sykje se spjelden út heabergen.

Sa ferrint de simmer folslein oars as myn bedoeling wie. Man en ik soene dizze simmer beide op de helling: hy syn beide hernia’s kwyt en ik in nije heup. Mar man syn dokter hâldt der mei op, hy rint tsjin de santich, en ik kin pas in nije heup krije as ik in goede kondysje ha. Dy ha ik net (mear).

Myn twadde opsje wie om dizze simmer oan in nij boek te begjinnen, it Aksjeboek wie ommers klear. Ik hie trije ûnderwerpen yn ‘e holle en ik wachte en wachte oant ien fan de trije sa lûd rôp dat ik it by de lurven krije soe. Se swije alle trije. Lam fan de waarmte, wolle se my gewurde litte of hoe sit dat?

Oars as ik tusken twa boeken sit, dan romje ik op, – dat doch ik no ek, hiel stadich – sa komt de holle ta rêst, nimt it ôfskie fan de foarige persoanaazjes en ûntstiet der romte foar wat nijs. Dat lit ik in skoftsje broeie oant it boek raast: ‘Kom op, ik wol der út, skriuw my!’ No ropt der neat. Ik lês, foaral boeken dy’t minsken op Facebook my tipten, mar ik kom der net trochhinne. Konsintraasje fan in flie. No en dan ferset ik wat op myn wurkbled, sadat ik it idee ha dat der wat minder troep leit of ik meitsje steapeltsjes mei deselde gedachte. Stadichoan jou ik my derûnder del. It is simmer en it is waarm, dus wat sil ik noch mear?

Ik bin in heaberch. Yn Nieuwegein ha ik omtrint 15 buiskes bloed achterlitten, 3 bedoeld foar algemien wittenskiplik ûndersyk, de rest foar dingen dêr’t jo en ik gjin weet fan ha. Alles dat gewoan wei ûndersocht wurdt: tekoart oan dit of dat, of krekt tefolle, skildklier, en neam mar op, is al besjoen. Hoe fierder se sykje, hoe mear kâns op wat seldsums. It is my bêst, as se mar wat fine. De dokter as detektive op syk nei in spjelde. Ik wachtsje, krekt as in heaberch.