De sweltsjes fleane út, nije boeken!

De sweltsjes fleane út, nije boeken!

Nij boek: Gers op it dak

Sûnt ik Skoalskriuwer bin, fernim ik pas goed dat der te min Fryske berneboeken binne. Foaral foar begjinnende lêzers en middenbou is der hast neat mear te krijen, it is echt sykjen om foar de boekekiste yn dy groepen in tal moaie Fryske boeken te finen. Foar de boppebou wurdt gelokkich út en troch noch al in boek skreaun.

Hoe sille bern nocht oan Frysk lêzen krije as der neat te kiezen falt? It iene bern hâldt fan spannend of fantasy, it oare fan in eigentiids boek of krekt histoarysk. Bern moatte, krekt as yn it Nederlânsk, in protte oefenje om it Frysk lêzen yn de macht te krijen. It helpt as in boek der moai en fris útsjocht, mei in ferhaal dat se graach lêze. En ik wie net de iennige Skoalskriuwer dy’t der sa oer tocht! Is it net prachtich dat De Schoolschrijver, in Amsterdamske stichting, Fryske skriuwers ynspirearret om mear Fryske boeken te skriuwen?

Gelokkich hie Jan Schotanus, fan Audiofrysk, dêr ek ideeën oer. Foar it earst woe er papieren boeken útjaan, in hiele rige fan seis boekjes. Seis ferskillende skriuwers: Jurjen van der Meer, Lida Dykstra, Mindert Wynstra, Anny de Jong, Jan Schotanus en ik, giene oan ‘e slach en doe’t de teksten klear wiene, koene de yllústratoaren oan it wurk. De rige, ‘de sweltsjes’, is bedoeld foar begjinnende lêzers. Nei hurd wurkjen fleane de sweltsjes no út en se binne prachtich!

Kollega Skoalskriuwer Linda de Haan makke de yllústraasjes by myn boek, Gers op it dak, fol kleur en humor. Wat in fleurich gehiel! Linda koe it fansels net litte om der in pear sweltsjes yn fleane te litten… Gers op it dak giet oer Eef dy’t by pleechmem Bauk wennet. Bauk naait klean en keunstige kleden en begjint mei berne-opfang. It earste bern dat komt is Joep, in hiel keurich jonkje, dat in bytsje wenne moat oan de bysûndere húshâlding. Bauk en Eef wenje yn in eardere skoalle, mei in skean dak en gers derop. En op dat dak hâlde twa skiep it gers koart. Fansels wol Joep nei de skiep, mar mei dat wol?

Myn âldste beppesizzer Thijs kin krekt lêze. Hy learde it yn it Nederlânsk, mar begûn, bystien troch mama, daliks entûsjast oan it nije boekje fan beppe: Gers op it dak. Foar it sliepen koe er it krekt net útkrije, mar de oare deis, doe’t de húshâlding hjir op ‘e kofje wie, lies er it út en hy fûn it prachtich. De oare boekjes, ik ha de hiele rige fansels, laken him ek al ta.

No mar hoopje dat in protte heiten en memmen, pakes en beppes, skoallen en biblioteken dizze searje oantuge wolle. Sadat itselde ploechje skriuwers mei in twadde rige te set kin. En hooplik binne dan de middenbougroepen oan bar sadat de bern mei nocht oan it lêzen bliuwe kinne.

Klik foar de poster PosterSweltsjes22017!

0 Reacties

Laat een reactie achter

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

*