Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen

Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen

books_27_trettjin_dagen(2013) Marike, de haadpersoan, hat de hannen fol oan skoalle (vmbo), har wat apartige broerke, har ferkearing mei Remco, har freondinne Nadia en de fjirtichste jierdei fan har mem. Oan it begjin fan it boek hat se noch 13 dagen om stikem in spetterjend feest te organisearjen foar har mem sûnder dat dy der wat fan fernimt. Marike hat grutte plannen want taarten bakke en feestjes bouwe kin se as de bêste! Lokkigernôch hat se help fan Nadia, har bêste freondinne, en in dosint.

In humoristysk, fleurich én serieus boek foar alle jonge lêzers fan 12 jier ôf. En harren âlden en dosinten!

De ortopedagooch fan OSG Piter Jelles frege my: ‘Kinsto in boek skriuwe oer en foar bern mei adhd? En dan net alle problemen mar benammen de foardielen. Do kinst it witte, do kinst it fan binnenút skriuwe.’ Wêrom oft er dat oan my frege? Hy wist dat ik it sels ha en myn bern ek. Wy hiene de hannen fol oan inoar mar ha ek in protte fan inoar leard. It wie in hiele útdaging om in boek te skriuwen mei in ûnderwerp dat sa ticht by my lei. No is it klear en jim kinne it lêze. It is net allinnich foar bern mei adhd mar ek foar de bern der omhinne, âlden, learkrêften en elkenien dy’t hâldt fan in boek mei pit. In protte wille mei lêzen!

Foar Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen krige is foar de twadde kear de Simke Kloostermanpriis. In prachtich feest yn de Petrustsjerke yn Twizel!

Ynterviews: