Salsafamke

Salsafamke

books_7_salsafamke(2008) Freya fan 14 giet mei har âlden en broerke op fakânsje nei Curaçao! Dêr rint har âldste broer staazje. Se leart dêr Guido kennen, in maat fan har broer. Hy leart har de salsa. As se mei him dûnset wit Freya al gau dat se him ha wol, wat se der ek foar dwaan moat. Se beslút dat seks it bêste helpmiddel is. Ienkear werom yn Nederlân blykt dat de fakânsje net sûnder gefolgen west hat. Mei wa kin se oer har problemen prate? Wat moat se dwaan?

Foar Salsafamke ha ik meiïnoar seis wike op Curaçao west om my yn libje te kinnen yn de deistige gong fan saken fan stazjêres en toeristen. Om sels te ûnderfinen hoe’t it is op sa’n tropysk eilân. En fansels om hiel faak de salsa te sjen sadat ik der oer skriuwe koe as dûnse ik sels. Hoe’t it giet as in famke/frou in swangerskip ôfbrekke wol, ha ik deselde gong makke as Freya mei besiken oan de húsdokter, de Fiom en de abortusklinyk. Ik fûn dat ik wol witte moast wêr’t ik oer skreau, want it is in hiele yngreep. Ik ha der in protte fan opstutsen.

Yn 2010 wûn ik mei Salsafamke de Simke Kloostermanpriis. Wat in eare! En wat in moaie middei yn Twizel!

Sjueryrapport Simke Kloostermanpriis 2010
Tankwurd Simke Kloostermanpriis 2010

It boek is net mear te krijen, mar wol fia myn winkeltsje.