2017:
Wês net bang,
(mar wol foarsichtich)
Yn 2015 naam ik ôfskie fan OSG Piter Jelles. Ik woe earder mei pinsjoen om folslein skriuwster te wurden. It earste jier foel dat net ta, troch oare besonjes skreau ik net in protte. It doel wie om it yn 2016 oars oan te pakken.
Dat slagge en better as ik ea tinke kind hie. It earste healjier wie ik wer Skoalskriuwer, net op ien mar op twa skoallen. Dat befoel poerbêst. Tuskentroch wurke ik oan in berneboek dêr’t ik al jierren mei ompielde. Doe’t ik klear wie as Skoalskriuwer koe ik dat ôfmeitsje. Yn maaie krige ik foar Trettjin dagen op in spetterjend feest te organisearjen de Simke Kloostermanpriis foar it bêste berne/jeugdboek fan de ôfrûne trije jier. In opstekker, want wa wol net yn it rychje stean mei Berber van der Geest en Lida Dykstra dy’t dizze priis ek twa kear krigen!
It berneboek wie hast klear doe’t ik in fersyk krige: soe ik in jeugdboek skriuwe wolle yn it ramt fan Lês No, it projekt foar it fuortset ûnderwiis om de ûnderboulearlingen oan it lêzen te krijen? Ja, fansels! It moast in link ha mei in searje dy’t Omrop Fryslân makke, foar deselde doelgroep. Wy waarden it al gau iens oer it ûnderwerp. Yn deselde tiid kaam de fraach oft ik meiwurkje woe oan in rige foar begjinnende lêzers en ek dat sei ik ta.
De hiele simmer skreau ik en it wie net altyd like maklik. It waard it ferhaal oer de flecht fan Lilan, it Syryske famke dat myn fioele krigen hie. Ik hold kontakt mei har, fia facebook en mail en sa kaam ik ek yn ‘e kunde mei har mem, dy’t mei har heit noch yn Syrië wenne. De mem fan Lilan holp my dêr’t se koe om it ferhaal sa goed en realistysk mooglik te meitsjen. Wy waarden fan memmen fan bern ‘sisters’. Se stjoerde foto’s en skreau in protte. Om’t se Ingelsk studearre hie, koene wy ús knap rêde. De oarloch yn Syrië waard slimmer, fan Aleppo, de stêd dêr’t se wei kamen, is amper mear wat oer. Dat makke dat ik faak oer har en har man yn siet, en oer harren bern dy’t alle trije al yn Nederlân wennen. Lilan, dy’t ridlik gau 18 waard, moast út it AZC foar jongeren om’t se as folwoeksen beskôge waard. Se mocht by har âldste broer wenje, tegearre op in net al te grutte keamer yn in barak sa’t wy se kenne fan de AZC’s. Ik ha dêr op besite west en it is in treasteleaze boel. Se moat sels soargje dat se Nederlânsk leart, oeral sels mei rêde en dat slagget net altyd like goed. Foar de simmerfakânsje waard har in húske tasein, mar se wennet noch altyd yn itselde AZC. Om’t de jongste broer noch gjin 18 is, koe hy freegje om gesinsherieniging. Yn it nije jier meie har heit en mem ek nei Nederlân komme en hooplik jout dat Lilan de rêst om har libben wer op te pakken.
It boek is klear. De titel Wês net bang, (mar wol foarsichtich) komt fan har heit as hy har in pear kilometer foar de Turkse grins yn ‘e bosk ôfset.
Heit leit de hannen op har skouders. Hy socht har djip yn ‘e eagen. O heit, leave, stoere heit!
‘Wês net bang,’ seit er, ‘mar wol foarsichtich. Tink oan alles wat mem en ik dy leard ha.’ Se knikt.
Heit nimt har gesicht tusken syn hannen en tutet har foarholle. ‘Gean no, wy hearre fan dy.’
‘Goeie heit.’ Se krûpt him efkes oan.
‘Dach leave dochter.’
Se begjint de bosk yn te rinnen, sûnder om te sjen.
It boek leit yn ‘e winkel. It ferhaal sil yn it nije jier troch mear as 4000 learlingen yn it fuortset ûnderwiis lêzen wurde. Der sit in prachtige lesbrief by, makke troch Cedin. Ik bin bliid dat it ferhaal fan Lilan, en tagelyk dat fan oare flechtlingen, troch sa’n soad bern lêzen wurde sil.
Myn motto foar 2017 is dan ek de titel fan it boek, want dat is mear as oait fan tapassing:
Folle goeds yn 2017
En wês net bang!